Oer Waling Dykstra en syn tiid

Waling Gerrits Dykstra (1821, Froubuorren-1914, Holwert) is ien fan de belangrykste Fryske skriuwers fan de njoggentjinde iuw. De omfang fan syn literêre produksje is amper te befetsjen en beslacht inkeld al mear as 120 boeken en boekjes, neist in net te tellen oantal los yn tydskriften publisearre bydragen. Op allerhanne terrein is er aktyf, as roman- en ferhaleskriuwer, dichter, tydskrifteredakteur, foardrager, toaniel- en lieteskriuwer, sjoernalist, folksferhalesamler en letter ek as gearstaller fan it earste Frysk wurdboek.

Bertehs Waling Dykstra
Bertehûs fan Waling Dykstra yn Froubuorren. Op de foto is de iepening te sjen nei de restauraasje yn 1984. Foto: Fryske Ikonografy, Tresoar.


Lang net al syn pinnefruchten hawwe tiids tosk treast west. In protte wurk hat dy ambysje ek net en is bedoeld as taalbefoarderjend fermeits ('koartswyl') of streekrjuchte sedeles ('learing'). Sokke teksten moatte sljuchtwei minsken op 'e doarpen dy't net folle lêze en net folle leard hawwe, yn 'e kunde bringe mei skriftlik Frysk. Namste mear falle de hichtepunten op. Dan giet it om wurk dêr't er in foartrekkersrol mei hat en dat fan bliuwende wearde is, ûnder mear troch de masterlike ferteltoan, it frijmoedich kritisearjen fan doedestiids aktuele sosjale tastannen, en de boartlike, folks-firtuoaze taalhantearring.

Dykstra is in autodidakt; as jonge wachtet him gjin Frânske of Latynske skoalle, lit stean de universiteit, mar de ûne fan de bakker. Syn heit is bakker, syn pake ek. Mar hy is ek in dreamer, dy't graach mei de noas yn 'e boeken sit. Yn 1840 ferhuzet er nei Spannum, om syn mem te helpen dy't dêr rêde moat mei de bakkerij nei it weifallen fan syn heit. Hjir ûntjout him syn begjinnend skriuwerskip yn it spanningsfjild tusken liberalisme en ortodoksy. De grutte sosjale en religieuze tsjinstellingen fan syn tiid ferbyldet er yn doarpse, werkenbere tafrielen.

322 De Friske Huesfjeun 1856
De Frysce Huesfrjeun, it tydskrift fan Waling Dykstra tusken 1850 en 1869. Foto: kolleksje Tresoar.


Fan hûs út is er ortodoks, mar stadichwei krijt it 'nije ljocht' him yn 'e besnijing: hy wurdt in skriuwer fan de ferljochting en de foarútgong; in man fan de liberale partij. Syn doelgroep sil de saneamde 'lytse boargerij' bliuwe: de doarpse winkel- en ambachtsman, de trochstreekse boer. Dy beide begeliedt er troch de hiele njoggentjinde iuw hinne. Hy konfrontearret se mei it begjinnende kapitalisme, de komst fan de trein, de earste yndustrialisearring op it plattelân, de safolste tsjerkeskuorring, en ek mei de stadich fierder geande demokratisearring, dy't de statyske stânemaatskippij sa njonkelytsen feroaret yn in klassemaatskippij.

Yn it saneamde 'Winterjounenocht' bringt er - earst mei in maat, letter allinnich - syn ideeën ek op 'e planken. Tsientûzenen Friezen hearre him foardragen en komme sa yn 'e kunde, net inkeld mei syn tinken mar ek mei it Frysk as kultuertaal. In protte fan syn skriuwerij is net inkeld bedoeld om te lêzen mar ek om te beharkjen: it is 'sekundêr orale' literatuer, spoken word avant la lettre, soe men sizze kinne.

351 Winterjounenocht programma
Programma fan it Winterjûnenocht op 13 febrewaris 1862 yn Koudum. Waling Dykstra die dat tegearre mei Tsjibbe Gearts van der Meulen. Foto: Fryske Ikonografy, Tresoar.


Yn it lêste fearnsdiel fan 'e iuw wurdt troch better ûnderwiis en de opkomst fan 'e kranten hieltyd mear lêzen, ek op 'e doarpen, en feroaret it karakter fan de literatuer. Dykstra smyt him dan foaral op it fêstlizzen fan Frykse folkskultuer en op it wurdboekwurk. Oait de belangrykste apostel fan it Frysk, wurdt er no de argivaris fan it Frysk. Yn beide rollen is syn betsjutting foar de Frysktalige literatuer net maklik te oerskatten. 

Skreaun troch Abe de Vries.