Ien fan de ûnderdielen fan de tentoanstelling oer Waling Dykstra is de korrespondinsje fan de skriuwer. Abe de Vries fertelt koart wat oer de brieven, mei dêrnei scans fan twa brieven út it argyf fan Tresoar (klik op de scans foar gruttere ôfbyldings).
Fan Waling Dykstra binne mear as 270 brieven bekend; dêrneist binne hast 480 oan him skreaune brieven bewarre bleaun yn Tresoar. De lêste yn it argyf gie op 6 novimber 1913 de doar út, nei de útjouwer fan syn blêd Sljucht en Rjucht. Yn C-mineur: 'As der gjin middels útfûn wurde om nije lêzers te krijen (mar leafst hjir yn Fryslân) dan wit ik gjin rie mear.'
'Moaie' en djipgeande brieven skriuwe oer de wrâld of himsels hat Dykstra him net op talein. De briefkerij betreft meast fragen om konkrete ynformaasje, antwurden op fragen en saaklike ôfspraken. It Frysk en de Fryske taal en kultuer steane hast altyd sintraal. Bytiden kloppet in Nederlânske of bûtenlânske taalgelearde by him oan, mar fierrewei de measte adressanten binne Fryske skriuwers of syn lêzers út de middenstân fan boeren, ambachtslju, keaplju, amtners, skoalmasters en dûmnys. Dy lêste twa groepen hat er de measte brieven fan krigen.
De grutte fariaasje oan adressanten en ôfstjoerders en de lange perioade dy't it korpus brieven beslacht, meitsje dat de hjoeddeiske studint en wittenskipper in soad en divers materiaal oanrikt krije oer it Frysk-literêre bedriuw yn de njoggentjinde ieu en de ferhâlding fan skriuwers mei har publyk. In mear persoanlike korrespondinsje hat Dykstra eins inkeld mei Geertrui Jentink, dy't yn 1883 mei har man Oebele Stellingwerf redakteur waard fan it Friesch Volksblad. Sjoch hjirûnder foar in brief fan Dykstra oan Jentink. Ek yn brieven oan Jakobus van Loon, de foarsitter fan it Frysk Selskip, en oan útjouwer W.A. Eisma jout er him wolris bleat. Fierder bliuwt de skriuwerij saaklik.
Kontakten bûten Fryslân hat er mei útjouwers en redakteuren fan blêden of boeken dy't graach in bydrage fan him wolle. Ien fan de earsten is yn 1877 de Nederlânske letterkundige Taco Hajo de Beer. Dy freget om toanielwurk en foardrachten, mar mei 'zo min mogelijk kritiek en zeker nooit iets dat vijandig is jegens enige kerk of jegens onze hedendaagse maatschappijen. Verder ook niet te lang (..)'.
Ynternasjonale kontakten beheine har ta it uterjen fan wurdearring en it freegjen om ynformaasje. Brieven en briefkes fan de Platdútske skriuwer Klaus Groth (sjoch hjirûnder), de germanisten Johannes Neuhaus en Theodor Siebs en de Oxford-linguïst William Alexander Craigie rinne yn it each. Craigie stjoerde felisitaasjes foar Dykstra syn njoggentichste jierdei yn 1911: 'Dear Sir, Please accept, from a younger lexicographer, hearty congratulations on the attainment of your 90th birthday, and on the completion of the Frisian dictionary. I have learned much from that work, as well as from your other writings. With esteem and good wishes, I am, Yours sincerely, W.A. Craigie'.
Brief fan Waling Dykstra oan Trui Jentink (13 juny 1873):
Brief fan Klaus Groth oan Waling Dykstra (22 april 1879):