Yn elts wurk fan JanMurk de Vries (1919 – 2015) sit beweging: lange útsette linen yn it brede lânskip; de beweging fan it tij, tûken, hannen dy't omheech rikke; de ferhâlding tusken minske en natuer, yn it sykjen fan de minske yn de kosmos en yn de bewegende minske ta syn omjouwing. Dat tema stiet sintraal yn de 'Uneinige beweging', dy't fan 25 jannewaris ôf te sjen is yn OBE yn Ljouwert. Om de tentoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre, ek mei literêre aspekten. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Tresoar

As oanfolling by de fysike útstalling wurdt op Sirkwy in dossier oer JanMurk byholden, wêrtroch't der in lytse digitale tentoanstelling ûntstiet dy't mei dy yn Obe in moai gehiel foarmet. Yn dat dossier wurdt yngien op de relaasje dy't hy hie mei de literatuer. Hy hat yn stikmannich Frysk literêre tydskriften bydragen levere, faak mei in sterk engaazjemint. Lykas tekeningen by gedichten oer fersmoarging fan de ierde yn it tydskrift Hjir, dy’t as protesten of warskôgingen sjoen wurde kinne. Dat toant oan hoe’t Fryske tydskriften yn de fyftiger jierren al multydissiplinêr wurken. Oant april wurde ûnder oare sokke tekeningen digitaal oanbean. 

4006 a fr 006

Ien fan de tekeningen fan JanMurk yn in bysûnder nûmer fan tydskrift Quatrebras (1956). Neffens it neiwurd binne de tekeningen ynspirearre op de oanhâldende proeven mei atoomwapens. Ynkoarten op Sirkwy mear.