Op 13 febrewaris lêze tsien Friezen foar út de moaiste gedichten en boekfragminten oer it Fryske lânskip, mei muzikale ymprovisaasjes fan Tseard Nauta. De aktiviteit is ûnderdiel fan de programmearring by de tentoanstelling ‘Uneinige beweging’ oer keunstner JanMurk de Vries. Yn dy tentoanstelling wurde ferskate aspekten fan syn wurk en libben beljochte, dêr't syn relaasje mei de literatuer ien fan is. Yn dizze bydrage 'JanMurk yn tydskrift Hjir' stiet it wurk sintraal dat er makke hat foar it literêre tydskrift Hjir. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteit op 13 febrewaris yn de aginda

Oer Hjir
Yn in spesjaal nûmer fan literêr tydskrift Hjir út 1979 binne tekeningen fan JanMurk de Vries opnommen, dy't er makke hat by in gedicht fan Sybe Krol. It nûmer hyt 'Tekenjend' en D.A. Tamminga jout yn in ynlieding in koarte omskriuwing fan JanMurk syn libben en wurk. Tamminga skriuwt dat men yn syn wurk gauris it protest priuwt, '... de opstelling fan de hjoeddeiske minske, dy't mei syn lyryske ynslach en syn kosmysk rjochte visy de forskynsels dy't mei ús moderne technologyske sivilisaesje anneks binne op ûndûbelsinnige wize to liif giet.' Neffens Tamminga makket JanMurk mear gebrûk fan symboalyske as realistyske foarmen. De tekeningen dy't er by it gedicht fan Sybe Krol makke hat geane oer natuerfersmoarging. Yn syn wurk hat JanMurk grutte omtinken foar (de skepping fan) de ierde en lit er in sterk engaazjemint sjen. Tamminga neamt it protesten of warskôgingen en 'in lûd om nei to harkjen'. In pear fan dy tekeningen en fragminten fan it gedicht binne hjirûnder te besjen en lêzen.  

It is net de earste kear dat JanMurk wurk levere foar in Frysk literêr tydskrift, want earder hie er al bydragen yn Quatrebras (1956) en De Tsjerne (1965). Dat toant oan hoe't tydskriften yn de fyftiger jierren al multydissiplinêr wurken. De kommende wiken is der omtinken foar syn bydragen foar oare literêre tydskriften. 

Mear oer dichter Sybe Krol
Sybe Krol (1946-1990) is bekend wurden as dichter, mar dêrnêst ek as skriuwer fan sjongteksten, oersetter en besprekker fan literatuer. Hy debutearre as dichter yn Hjir (nr. 2, 1972) mei inkelde fersen en it liet ‘Ik kom werom’. Fan 1974 oant 1981 wie Krol redakteur fan Hjir, dat yn ’e rin fan de jierren tsientallen fersen en inkelde ferhalen fan syn hân opnimme soe. Syn earste fersebondel, Fossyl fan fjûr, ferskynde yn 1978. Yn syn wurk beskriuwt er it isolemint dêr’t de dichter yn ferkeart omdat it ynstrumint dat er ta syn foldwaan hat, de taal, net oer de wurden beskikt om de oare te berikken. Lietteksten makke Krol benammen foar sjonger Roel Slofstra, mar ek de Frysktalige folkgroep Irolt fan Nanne Kalma makke geregeld gebrûk fan teksten dy’t Sybe Krol foar har skreau. Hy hat ek in hiel soad oersettings yn it ljocht jûn, benammen berneboeken en toanielstikken.

Mear oer it dossier JanMurk
Yn elts wurk fan JanMurk de Vries (1919 – 2015) sit beweging: lange útsette linen yn it brede lânskip; de beweging fan it tij, tûken, hannen dy't omheech rikke; de ferhâlding tusken minske en natuer, yn it sykjen fan de minske yn de kosmos en yn de bewegende minske ta syn omjouwing. Dat tema stiet sintraal yn de 'Uneinige beweging', dy't fan 25 jannewaris ôf te sjen is yn OBE yn Ljouwert. Om de tentoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre, ek mei literêre aspekten. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Tresoar

As oanfolling by de fysike útstalling wurdt op Sirkwy in dossier oer JanMurk byholden, wêrtroch't der in lytse digitale tentoanstelling ûntstiet dy't mei dy yn Obe in moai gehiel foarmet. Yn dat dossier wurdt yngien op de relaasje dy't hy hie mei de literatuer. Hy hat yn stikmannich Frysk literêre tydskriften bydragen levere, faak mei in sterk engaazjemint. Oant april wurde ûnder oare sokke tekeningen digitaal oanbean. 

Gedicht en tekeningen Hjir
Hjirûnder binne in pear fragminten út it gedicht fan Sybe Krol te lêzen, mei de tekeningen fan JanMurk de Vries dy't dêr by hearre.

1.
stienslach
fjûr
tsjusternis -
stjerreberte
it ivich al


Hjir 7 8 007

2.
gloeijend stiente
slingere út 'e ûneinichheit
kometeflecht yn ierdebaen

Hjir 7 8 009

3.
yn 'e laden romte
eksploazjes, krêft
ljocht skuort tsjusterens iepen

Hjir 7 8 011

4.
ûnmjitlike stjer
de tsjusterens trochboarjend
magyske waermte
ljocht;

krêft -

Hjir 7 8 013

5.
diel van [sic] de sinne
slingere yn de romte
flamjend;
ôfkuoljend -
ta wengebiet - earne

Hjir 7 8 015

6.
út wetter en ierde berne
in wêzen -
himsels weromkennend
yn it ivich al

Hjir 7 8 017

7.
sjongend opstige
út de forkoalle resten
fan hwat ea libbe

Hjir 7 8 033

8.
skuort de snelwei
flymskerp tekene -
fortekenjend it lânskip -
dêrboppe ûnoantaestber
de romte

Hjir 7 8 041

Scans: John van Geffen, Tresoar.