Yn 1956 ferskynde der in bysûnder nûmer fan literêr tydskrift Quatrebras, nammentlik mei acht tekeningen fan JanMurk de Vries. It nûmer krige de titel 'Nagasaki' mei en oan de ein wurdt troch de redaksje skreaun dat de tekeningen ynspirearre binne op de oanhâldende proeven mei atoomwapens. De redaksje skreau: "Hja binne net bidoeld as yllustraesje fan it leed dat west hat, mar as warskôging tsjin hwat komme sil as de remmen weifalle. In protest tsjin alle forskrikking, fan Nagasaki oant Boedapest." De tekeningen binne hjirûnder te besjen.
Oer Quatrebras
It tydskrift Quatrebras waard yn 1954 oprjochte troch Marten Brouwer, Sybe Sybesma en Lambert Mulder. Dy jonge skriuwers diene mei it nije tydskrift wat nijs foar de Fryske literatuer. It blêd, ûnstien út ûnfrede mei it belied fan De Tsjerne, joech nammentlik alle romte oan de eksperimintele poëzij, yn neifolging fan de yn de Nederlânske literatuer operearjende Fyftigers. Yn nûmer fiif fan 1954 omskreau de redaksje it sa: "De tsjerne-mole draeit noch fleurich troch, mar sels cabaret-nûmers kinne har mar min rêdde. Dizze coctail smakket ús mar frijhwat mjitsk, wy taepje leaver suverder drank." Quatrebras woe net provinsjaal wêze, mar stimulearre de net-estetyske frije fersfoarm. Se joegen in protte omtinken oan de typografy en it papier; der waarden transparante kleure siden sûnder tekst opnaam en bygelyks ek stikjes út de siden knipt. Sa ferskynden der ek lytse tekeningen yn it blêd, mar dus ek wurk fan keunstners as JanMurk de Vries. Dêrneist waard ek boarte mei de taal, wat yn in blêd as De Tsjerne folle minder wenst wie. Sa súntsjeswei ûntstiene yn de jierren fyftich en sechstich twa literêre sirkwys, in sirkwy foar populêre literatuer en in lytser sirkwy foar moderne en eksperimintele literatuer. Quatrebras wie dúdlik in fertsjintwurdiger fan dat twadde sirkwy. Sjoch foar mear achtergrûnynformaasje op Salang't de beam bloeit, de skiednis fan de Fryske literatuer.
Mear oer it dossier JanMurk
Yn elts wurk fan JanMurk de Vries (1919 – 2015) sit beweging: lange útsette linen yn it brede lânskip; de beweging fan it tij, tûken, hannen dy't omheech rikke; de ferhâlding tusken minske en natuer, yn it sykjen fan de minske yn de kosmos en yn de bewegende minske ta syn omjouwing. Dat tema stiet sintraal yn de 'Uneinige beweging', dy't fan 25 jannewaris ôf te sjen is yn OBE yn Ljouwert. Om de tentoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre, ek mei literêre aspekten. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Tresoar.
As oanfolling by de fysike útstalling wurdt op Sirkwy in dossier oer JanMurk byholden, wêrtroch't der in lytse digitale tentoanstelling ûntstiet dy't mei dy yn Obe in moai gehiel foarmet. Yn dat dossier wurdt yngien op de relaasje dy't hy hie mei de literatuer. Hy hat yn stikmannich Frysk literêre tydskriften bydragen levere, faak mei in sterk engaazjemint. Oant april wurde ûnder oare sokke tekeningen digitaal oanbean.
De tekeningen 'Nagasaki'
Scans: John van Geffen, Tresoar.