Yn de fyftiger, sechstiger en santiger jierren hat JanMurk de Vries wurk levere foar guon literêre tydskriften. Earder hat der ek al omtinken west foar Quatrebras en Hjir, mar ek foar in nûmer fan De Tsjerne hat er in rige tekeningen makke. Dy tekeningen binne hjirûnder te besjen. Yn maaie fan 1965 fersoarge de redaksje in dûbelnûmer mei persoanlike oantinkens fan skriuwers yn proaza of poëzy oer de earste oarlochsdagen yn 1940, yn dy tiid dus 25 jier ferlyn. Sa'n tweintich skriuwers hawwe har oantinkens op papier set, lykas Sjoerd Spanninga, Jo Smit en Tiny Mulder.

Oer De Tsjerne
Hoewol't nei de Twadde Wrâldoarloch net ynienen alles oars wie yn de literatuer, feroare der yn de snuorje nei de oarloch dochs wol it ien en oar. Der ferskynden nije tydskriften en boeken, mei as hichtepunt it jier 1948 mei 159 boeken, en de útjeften waarden goed ferkocht. Dêrneist feroare ek it literêre klimaat, mei as grutste nije ûntwikkelingen dat der mear romte kaam foar it literêre eksperimint en dat der draachflak ûntstie foar útwikseling tusken de eigen en de ynternasjonale kultuer. Yn Salang't de beam bloeit fertelt Joke Corporaal mear oer de tiid nei de oarloch. 

Ien fan de nije tydskriften wie De Tsjerne, oprjochte yn 1946. It blêd ferskynde alle moannen en joech in poadium oan in ferskaat oan skriuwers. De redaksje makke geregeld net-fryske temanûmers, bygelyks oer de Surinaamske literatuer, Slauerhoff, Amearika en Edgar Allan Poe. It blêd hie in blomlêzend karakter, wat neffens Joke Corporaal tagelyk de krêft en de grutste swakte wie: "By einsluten koe De Tsjerne de maatskiplike en literêre fernijing fan de rûzige jierren sechstich net byhâlde." Yn 1968 fusearre it tydskrift, nei in protte strideraasje, úteinlik mei Quatrebras en Asyl ta Trotwaer. Doe wie der romte foar in nije koers, mei in nij program.

Alle jiergongen fan De Tsjerne binne digitaal yn te sjen op DBNL.

Oer it dûbelnûmer út 1965
JanMurk de Vries hat dus tekeningen makke foar it maaie-nûmer út 1965. As fansels binne ûnderwerpen as oarloch, ferset en befrijing yn de desennia nei de oarloch faak weromkommende tema's yn de Fryske literatuer. Sa hie Tiny Mulder twa bydragen yn it spesjale nûmer: it frijwat bekende gedicht 'Juffer goedekoop' en 'Wei nei de tsiende maeije'. Yn dy lêste tekst beskriuwt se hoe't achternei besjoen de oarloch foar har yn 1934 begûn, achter it fytshok fan de ulo yn Drachten. Dêrmei jout se oan dat de oarloch net samar út de loft foel, mar him 'yn etappes' ûntwikkele hat. Oan de ein skriuwt se: "Doe't ik yn de iere moarn fan de tsiende maeije 1940 yn it finsterbank fan myn sliepkeamer siet, harkjend nei de fleantugen yn de loft en de bitide fûgels yn de bloeijende, geurjende apelbeammen - as dit fiction wie, koe ik it net moaijer bitinke - hie ik it gefoel oft in stienswolm trochbriek dêr't ik al jierren lêst fan hie. De situaesje wie skriklik, mar yn elk gefal dúdlik." Hoe't it begjin fan de oarloch oars belibbe wurde kin, lit Sjoerd van der Schaaf sjen yn syn bydrage. Hy skriuwt nammentlik dat 10 maaie 1940 him oer it mad kaam, troch 'in muorre fan wjerstân' dy't de werklikheid fan driigjende oarloch al jierren tsjinhold.

Mear oer it dossier JanMurk

Yn elts wurk fan JanMurk de Vries (1919 – 2015) sit beweging: lange útsette linen yn it brede lânskip; de beweging fan it tij, tûken, hannen dy't omheech rikke; de ferhâlding tusken minske en natuer, yn it sykjen fan de minske yn de kosmos en yn de bewegende minske ta syn omjouwing. Dat tema stiet sintraal yn de 'Uneinige beweging', dy't fan 25 jannewaris ôf te sjen is yn OBE yn Ljouwert. Om de tentoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre, ek mei literêre aspekten. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Tresoar

As oanfolling by de fysike útstalling wurdt op Sirkwy in dossier oer JanMurk byholden, wêrtroch't der in lytse digitale tentoanstelling ûntstiet dy't mei dy yn Obe in moai gehiel foarmet. Yn dat dossier wurdt yngien op de relaasje dy't hy hie mei de literatuer. Hy hat yn stikmannich Frysk literêre tydskriften bydragen levere, faak mei in sterk engaazjemint. Oant april wurde ûnder oare sokke tekeningen digitaal oanbean. 

De tekeningen

De Tsjerne 1965 001

De Tsjerne 1965 002

De Tsjerne 1965 003

De Tsjerne 1965 004

De Tsjerne 1965 005

De Tsjerne 1965 006

De Tsjerne 1965 007

Scans: John van Geffen, Tresoar.