Waling Dykstra (1821-1914), bakker, boekbiner en -ferkeaper, is ien fan de belangrykste grûnlizzers fan de Fryske literatuer. Likernôch 75 jier lang hat dizze autodidakt de Friezen leard om har eigen taal te lêzen, te skriuwen en om der yn te sjongen en toaniel yn te spyljen. Syn ynfloed as skriuwer, dichter, sjoernalist en folkskundige op de Fryske taal en kultuer is grutter as dy fan hokker oare skriuwer ek. Syn maatskippij-krityske toan, striid foar it Frysk en ynset foar sosjale rjochtfeardigens en emansipaasje fertsjinje mear as hûndert jier nei syn dea ús folle omtinken. Fan 21 septimber ôf is de tentoanstelling 'Waling Dykstra - Foarútgong' te sjen yn Obe, poadium foar literatuer, keunst en taal. Mei dy tentoanstelling bringt Tresoar Waling Dykstra wer yn it Fryslân fan hjoeddedei.
Om de fysike tenstoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre. Sa spilet op 26 septimber Yetris mei trûbadoer Roel Slofstra en wurdt op 3 oktober in boek oanbean mei in karlêzing út it wurk fan Waling Dykstra, gearstald troch Abe de Vries. Sjoch foar mear ynformaasje oer de tentoanstelling en de aktiviteiten by de webside fan Tresoar.
Nij is dat der as ferdjipping en oanfolling by de fysike útstalling op Sirkwy in dossier oer Waling Dykstra is. Yn dat dossier wurde troch saakkundigen, mar ek troch studinten bydragen pleatst oer Waling Dykstra en aspekten út syn wurk en libben. Sa ûntstiet der in lytse digitale tentoanstelling en foarmet it mei dy yn Obe in moai gehiel.