Wa wie Waling Dykstra? Om dy fraach te beantwurdzjen hat Abe de Vries, gastkurator fan de tentoanstelling yn Obe, in nije biografy foar op Sirkwy skreaun. Dy biografy jout in byld fan syn libben, mar benammen oer syn wurk. Men krijt in goede yndruk fan it ûnbidich soad wurk dat Dykstra ferset hat.

Abe de Vries skriuwt: "Waling Dykstra hat yn syn hast 75-jierrige skriuwerskip mear as 120 boeken en boekjes skreaun; dêrûnder twa romans, fiif lietebondels, mear as tritich toanielstikken en net te tellen safolle gedichten en ferhalen. Sa likernôch 10 persint fan al it skreaune Frysk yn de twadde helte fan de 19e ieu is fan syn hân. Dêrby wie er de samler (redakteur) fan de literêre tydskriften De Byekoer (jierboek; 1846-1895), De Fryske Húsfreon (twamoanliks; 1851-1869), De Fryske Nijsboade (wykblêd; 1864-1865), Sljucht en Rjucht (wykblêd; 1890; 1897-1914) en de Fryske Skuor-Almanak (fan 1882 ôf). Fan 1876-1882 wie er boppedat ien fan de twa redakteuren fan it wykliks ferskinende Friesch Volksblad."

Lês de fernijde biografy oer Waling Dykstra op Sirkwy hjir.

De kommende tiid sille yn dit dossier mear bydragen ferskine oer Waling Dykstra en syn wurk. De earstkommende sil gean oer de skriuwer en syn tiid, om syn wurk better pleatse te kinnen.

Sjoch foar alles oer de tentoanstelling yn Obe op de webside fan Tresoar.