Hoe seach Waling Dykstra God? Douwe Kalma bekritisearre it Godsbegryp fan Dykstra, want Dykstra soe neat ferstean fan “it mystike” yn ‘e godstsjinst (sjoch Abe de Vries syn Foarwurd by syn blomlêzing fan Dykstra’s gedichten, Duvelskeunstner). Kalma giet der lykwols oan foarby dat Godsbegryp altyd twa kanten hat:

  • it mystyk-spirituele dat him uteret yn bygelyks kearskes brâne, meditaasje, yoga
  • it sosjaal-humanistyske dat him uteret yn bygelyks jild of tiid oan earmen of siken jaan

It Godsbegryp fan Waling Dykstra is streekrjocht ferbûn mei de sosjaal-humanistyske kant. Dêr kin dan ek in rop om rjochtfeardichheid efter wei komme, en politike stânpunten. Dy politike kant komt dúdlik út yn it gedicht 'Krysttiid 1899'. Waling giet in tal politike kwestjes út syn tiid by del, lykas de ûnfoege manipulaasjes fan ‘e machthawwers om it anti-Joadske Dreyfus-proses hinne:

Dy Dreyfusboel yn ’t Frânske ryk
Wie ommers ek gjin spul yn ’t lyk.
Sa hearde en seach men ’t nearne.
Dy stoarje het ús iepenlein
Dat grutten fan ’e wrâld yn ’t ein
Foar gjin skandalen steane.

By sokken is de godstsjinst wei.
Ei nee! hja woene op festeldei
Har stjonkbedriuw wol stake
En teagen froed nei tsjerke ta.
De duvel en syn maten ha
Dêr, tink ik, tige om lake.

2019 11 05 Dossier Waling Dykstra 2

De degredaasje fan Albert Dreyfus. Foto: Henri Meyer, Wikimedia Commons, publyk domein. 

Sa rint de sosjaal-humanistyske kant fan it Godsbegryp as fansels út op in rop om rjocht en rjochtfeardichheid. Waling Dykstra stiet dan ek in lange tradysje fan lju dy’t de machthawwers (ek binnen de tsjerke!) oankleie fanwegen de misstannen yn ‘e maatskippij. Dy tradysje begjint al mei de bibelske profeten, dêr’t Kristus it bekendste foarbyld fan is. Sadwaande nimt Waling it ek altyd op foar de earmen, en tagelyk klaget hy de riken oan en alleman dy’t grutte ferskillen tusken ryk en earm goedprate wol, lykas yn it gedicht 'Haitskemoai’s klachten oer de nije moaden':

Doe wien’ de minsken froed en from
En frjemd fan yd’le winsken,
Mar earen God en tochten om
Har eareme evenminsken.
(...)
Want klopje de earmen by har oan,
Dêr woll’ se neat fan wite.
Dan is ’t al gau: ,,Wy kinne skoan
Us eigen koarsten bite.
Men sit hjir op in hege hier
En ’t buorket stomme skraal fan ’t jier;
Yn oar’lju’s lêsten dele
Dat kin de pong net fele.

It jild wurdt dan ek, yn de trant fan de Bibel, de “Ofgodspop fan lyts en great” neamd yn de twaspraak  De dichter en it jild. It Jild hat dêryn it lêste wurd:

Ferbett’rje mar it minskehert,
En ’t is ynoarder, sis ik dy!

Yn it gedicht Oan de Hûsfreonlêzers, by ’t begjin fan ’t jier 1852 fettet Waling Dykstra syn moraal gear yn it twadde grutte gebod, yn ‘e trant fan it Evangeelje (bygelyks Markus 12:31):

O minje elkoar, fan God feriene ljuwe!

2019 05 11 Dossier Waling Dykstra

Ien fan de saneamde 'earmekeamers', de "Foksehoale", by de Skoatterlânske Kompanjonsfeart, boud om 1800 hinne. Sokke geboutsjes waarden boud foar wurkleaze feanarbeiders. Foto: Tresoar. 

Mar ja, sa’t Waling Dykstra goed troch hie, der moat wol mei de penne tsjin ûnrjocht striden wurde. Hy libbe yn ‘e 19e iuw, de tiid dat feanarbeiders yn Fryslân 12 oeren deis yn ‘e kjeld en it wetter stienen te wrotten, gjin rjochten hiene wylst har bern stoaren fan ‘e honger. It is hjoeddedei noch te besjen by in besite oan it 19e iuwske temapark It Damshûs yn Nijbeets. Om’t maatskiplike misstannen fan alle tiden binne, is it wurk en it Godsbegryp fan Waling Dykstra noch altyd aktueel.

Skreaun troch Eric Hoekstra (Fryske Akademy).