Oer ‘De ferkearde wrâld’, in skôging fan Waling Dykstra (Fryske húsfrjeon fen 1902). Troch Babs Gezelle Meerburg.
‘It soe my bare nij dwaan as de maatskippij op sa’n manier [omkeard ynrjochte - BGM] net wat better wurde koe as er no is.’ Sa optimistysk einiget in skôging út 1869 dy’t ús aardich ynsjoch jout yn Waling Dykstra syn wierheid, yn syn fizy op de 19de iuwske maatskippij, op maatskiplike foarútgong. Hy hat yn dizze skôging fan alles by de kop, mar yn dizze bydrage oan de digitale útstalling sjogge wy allinne efkes nei wat er skriuwt oer froulju. Dat is nammentlik it tema fan de lêzingen op tongersdei 12 desimber 2019 troch Lida Dykstra en Babs Gezelle Meerburg yn Obe.
De Frysce Huesfrjeun, it tydskrift fan Waling Dykstra tusken 1850 en 1869. Foto: kolleksje Tresoar.
It essee ‘De ferkearde wrâld’ stiet yn de sammelbân de Fryske húsfrjeon fen 1902. Waling begjint mei te fertellen dat yn de earste helte fan de 19de iuw skoalmasters fjouwer kear jiers skoaljild barden om sa har traktemint oan te foljen. De bern krigen nei betelling beleanning in heiling. In heiling is yn it Nederlânsk in ‘centsprint’. Skoalmasters hiene dy manier fan dwaan ôfsjoen fan pastoars. Dy joegen al yn de 16de iuw bern dy’t trou by it fragelearen kamen, in printsje mei in ‘geschilderde heilige’. Sadwaande it Fryske wurd: heiling.
Letter kamen ynstee fan heiligen koarte ferhaaltsjes op de berneheilingen, lykas it kluchtige ferhaal fan Jan Klaesz of de gewaende dienstmaegt dat tusken 1814 en 1820 op in ‘centsprent’ kaam. Oant safier neffens Waling Dykstra. Wierskynlik is dy Jan Klaesz deselde figuer dy’t letter útgroeid ta Jan Klaasen fan de poppekast.
Op de website ‘Het geheugen van Nederland’ is in flink oantal ‘centsprenten’ te sjen. ‘Centsprenten’ en heilingen wiene bedoeld foar minsken dy’t net flot lêze koene en foar bern. It wiene gebrûksteksten dy’t stikken lêzen waarden mei as gefolch dat krekt as by almenakken der net folle fan bewarre bleaun binne. De Koninklijke Bibliotheek hat noch 1300 yn de kolleksje, Tresoar hat ek heilingen, meast fan de Halbertsma’s.
De Fryske heilingen fan de Halbertsma's, útjûn yn 1997 en besoarge troch Ph. H. Breuker. Foto: kolleksje Tresoar.
Basis foar Waling syn skôging ‘de ferkearde wrâld’ is de ‘centsprent’ mei de Nederlânske titel ‘De verkeerde wereld’. De omkearde wrâld soene wy sizze. Op 'Het geheugen van Nederland' is der in foarbyld fan ‘de ferkearde wrâld’ ofwol de omkearde wrâld te sjen. It is in tema dat faker foarkomt yn teksten fan de 19de iuw.
Mei ‘centsprenten’ en mei heilingen moast de minsken wat bybrocht wurde. Waling begjint syn útlis mei frijerij:
Hjir gean de fammen út te frijen
En siikje in man nei ’t sin to krijen.
Yn it Nederlânsk is dat:
‘t gelykt of het is hier schrikkeljaar
Het meysken loopt den jongen naar
Foto fan de 'centsprent' oer de ferkearde wrâld. Nû. 36 yn in rige útjûn troch J.E. Glénisson & A. van Geneugten yn Turnhout (België). Datearring: mids 19de iuw.
Waling Dykstra oer dit printsje:
‘No sille jim sizze: dy foarspelling fan de âld profeet is teminsten noch net útkommen. Ik kin ek net sizze dat ik der oant dizze tiid wat fan fernaam ha, mar ik mien der soms wol foartekens fan te sjen. Net allinne dat sommige fammen wolris klear genôch blike litte wêr’t harren de skoech knypt, mar ik ha ek wolris houliksoanfragen yn kranten lêzen fan juffers dy’t wol kennis mei in jonge hear winsken te meitsjen. No wol ik oars leafst leauwe dat dat grappen binne fan dogeneaten om oaren foar it soaltsje te hawwen, want oars wie it my sekerwier te slim.’
Waling pleitet der wol foar dat froulju leare, om sa oan de kost te kommen. Hy beslút dit earste stikje nammentlik mei:
‘It is lang sa west dat in protte froulju better ferstân hiene fan jild útjaan as fan jild fertsjinjen. No, mar sokken komme der onder de manlju ek al geandewei mear. Dêrom is it gjin ûnsin dat in protte froulju wat sykje te learen dêr’t wat mei te fertsjinjen is. Mar as se dan mei foar de kostwinning soargje moatte, dan is it ommers net mear as billik dat se ek wat mei te sizzen hawwe wolle. En wa sil it dan frjemd fine dat se der sels op útgean om in man nei it sin te sykjen?’
De útlis by it twadde plaatsje begjint mei in riedsel: ‘Wat dogge de froulju it leafst? “Pronkje”, sei de iene. “Besytsje”, sei de oare. “Babbelje”, sei de tredde. De fjirde sei “Himmelje” en de fyfde: “Dûnsje”. De seisde sei “frije” en de sânde “trouwe”. In âldman dy’t trije froulju ferlibbe hie, sei op it lêst: “Ja, dat binne allegearre dingen dy’t froulju graach dogge, mar wat se it leafst dogge fan allegearre, is de baas spylje.” ‘
Waling Dykstra wit hoe’t de ‘wyfkes’ har doel berikke, ‘is it net mei geweld, dan mei list; is it net mei holderjen en bolderjen, dan mei streakerijen, is it net mei in finnige tonge, dan mei in pear freonlike eagen’.
Waling jout syn manlike lêzers advizen hoe mei froulju om te gean. Wêrom docht er dat op dy manier? Hoe set er froulju del yn syn literêr wurk? Hawwe Fryske lêzers en skriuwsters syn lûd hearre kind?
Antwurden op dy en oare fragen krije jim by de lêzing fan Babs Gezelle Meerburg op 12 desimber 2019. Oer Fryske skriuwsters dy’t troch Waling op gong holpen binne, is in artikel ferskynd fan Abe de Vries. Op de útstalling is der in aparte fitrine oan wijd.
Heiling fan de Halbertsma's lykas werjûn yn De Fryske heilingen fan de Halbertsma's (1997). Foto: kolleksje Tresoar.